Frysk Steatekomitee nei Den Haach · Foto('s): RTV NOF archief
  RTV NOF archief

Frysk Steatekomitee nei Den Haach

dinsdag 05 oktober 2021

LJOUWERT – Op woansdei 6 oktober sil it Frysk Steatekomitee* nei Den Haach reizigje, om de tolke-kwestje oan ‘e oarder te stellen by de leden fan de Twadde Keamer.

Yn Fryslân is in probleem mei de Fryske tolken ûntstien. Hja binne net mear ree om harren tsjinsten oan te bieden, om’t der gjin passende fergoeding jûn wurdt. Om’t net alle rjochtbankpersoniel de Fryske taal foldwaande machtich is, binne tolken noch wol nedich. At dy net beskikber binne, kin it rjocht, dat elke Fries dy’t dat wol, Frysk prate mei foar de rjochtbank of foar it gerjochtshôf, net wier makke wurde.

It Steatekomitee makket har dêroer grutte soargen, om’t dit in súvere rjochtspraak net ten goede komt. Dêrom wurdt oan ‘e minister fan Justysje en de keamerkommisje Justysje en Feiligens in petysje oanbean. Dêrneist sille in oantal Twadde Keamerfraksjes woansdeitemoarn om 10.30 oere it Steatekomitee ûntfange.

*It Steatekomitee Frysk is in fêste wurkgroep fan Provinsjale Steaten fan Fryslân en de leden wurde troch Provinsjale Steaten beneamd. It Steatekomitee hat as doel te fungearjen as platfoarm fan oerlis mei de leden ûnderling en mei de deputearre en de lobby foar ûnderwerpen de Haachske en Europeese lobby foar it Frysk oanbelangjend.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?