Foarstelling ‘Peer Gynt’ yn Aldwâld · Foto('s): RTV NOF | Sake Beerstra
  RTV NOF | Sake Beerstra

Foarstelling ‘Peer Gynt’ yn Aldwâld

dinsdag 24 mei 2022

ALDWÂLD – De foarstelling ‘Peer Gynt’ is skreaun troch de Noarske skriuwer Henrik Ibsen. Peer Gynt is in boeresoan, dy’t in hiele soad aventoeren belibbet. Hy fynt himsels en syn eigen miening it belangrykste. Peer mei graach opskeppe, hy sjocht gjin problemen en fertelt graach in leagen. Tagelyk komt er sympatyk en oantreklik oer en hat in hiele soad fantasij. Hy wennet yn in doarpke op in ferfallen pleats tegearre mei syn mem Aase. Op de brulloft fan syn freon Mads Moen moetet er de moaie Solveigh, mar har mem wol net dat se mei Peer omgiet. Ut frustraasje ûntfiert er Ingrid, de breid en wurdt dêrnei it doarp útjage.

Peer giet de bergen yn en der gebeure alderhande nuvere dingen yn syn libben. Uteinlik giet er wer nei hûs, ek al is him dat ferbean. Thús fynt er syn mem, se is siik en ferstjert yn Peer syn earms.

Fol fertriet giet Peer nei Afrika. Sûnder skamte hannelet er yn alles wat jild opsmyt. De syktocht nei macht en rykdom krijt him sa yn ‘e besnijing dat er himsels folslein kwytrekket. Dat Solveigh op him sit te wachtsjen is er folslein fergetten. Hy besiket allinnich mar om riker en riker te wurden mei as doel: keizer wurde. Uteinlik komt er yn Egypte yn it gekkehûs. Hy komt stadichwei ta it besef dat er werom wol nei hûs

Op de weromreis fergiet syn skip en om himsels te rêden lit Peer in oar persoan ferdrinke. Hy komt wer oan lân en dêr stiet de ‘Knope-jitter’ him op te wachtsjen. Dy wol syn lichem ha, want Peer bestiet ommers toch net echt? Peer hellet de ‘Knope-jitter’ oer om him wat tiid te jaan, sadat er bewize kin dat er wol echt bestiet. Hy kriget de kâns om ien te sykjen dy’t him werklik ken, mar dat slagget him net.

As er nei fjirtich jier yn syn doarp weromkomt, sjocht er dat allinnich syn âlde leafde Solveigh him trou bleaun is. Solveigh ferjout Peer alles wat er dien hat en hy ferstjert fredich yn har earms.

Net echt in leuk figuer dus, die Peer Gynt. Edvard Grieg, de komponist fan de muzyk,wist ek net wat hy der mei moast. Hy fûn ‘Peer Gynt’ mar in respektleas ferhaal en wegere earst om der muzyk by te komponearjen, doe’t Ibsen him dat frege. Uteinlik hat er it, neidat er hiel faak frege wie, toch dien. De muzyk is in daverjend sukses wurden nei de premjêre yn 1876, wylst it toanielstik net in hiele goede beoardieling krige. De muzyk fan Grieg kaam sa goed oer by it publyk, dat Peer Gynt no noch altyd ien fan de bekendste klassike stikken is, dy’t elkenien herkenne sil.

De muzyk sil yn it stik begelaat wurde troch in live band! Fan juny 2022 ôf is de foarstelling Peer Gynt te sjen op in prachtige lokaasje yn Aldwâld.

Spyldata:

freedtejûn 24 juny
sneontejûn 25 juny
freedtejûn 1 july
sneontejûn 2 july
sneintemiddei 3 july (matinee)
sneintejûn 3 july

Reservearje

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
Foarstelling ‘Peer Gynt’ yn Aldwâld · Foto('s): RTV NOF | Sake Beerstra
Foarstelling ‘Peer Gynt’ yn Aldwâld · Foto('s): RTV NOF | Sake Beerstra
  RTV NOF | Sake Beerstra

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?