Goed 600 foarlêzers sille fan 3 o/m 7 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Belibje it mei Tomke’ oer de sintugen. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.
Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:
Noardeast-Fryslân:
Wethâlder mefrou Pytsje de Graaf lêst foar op moandei 3 juny om 10.00 op pjutteboartersplak de Krûpelhintsjes yn Dokkum.
Achtkarspelen:
Tytsjerksteradiel: