De boargemaster lêst foar · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

De boargemaster lêst foar

donderdag 09 juni 2016

Yn de earste wike fan juny is de Fryske Foarlêswike, organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. It ‘Selskip’ stipet de Fryske taal en kultuer en wol mei de Tomke-wurkgroep it foarlêzen oan jonge bern in stimulâns jaan.

En dizze wike wie it al sa fier: de Fryske foarlêswike. Alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen dy’t meidogge oan de Fryske Foarlêswike krije foar alle pjutten fergees it Tomke temaboekje ‘Dat hast goed dien, Tomke!’, dat se mei nei hûs nimme meie.

Yn Damwâld wie it op 8 Juny in útsochte dei. Boargemaster Sicko Heldoorn lies in prachtich ferhaal foar. Sa’n 30 bern fan it pjutteboartersplak wienen te gast by it Kids First bernedeiferbliuw yn De Blokkedoaze. Hja fûnen it ferhaal oer Tomke geweldich. En wêr hienen se noch mear sa’n aardichheid oan? It ketting fan de boargemaster fansels!

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark & Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?