De FNP-fraksje yn de Steaten fan Fryslân wol dat de provinsje de gemeente Kollumerlân helpt yn it gefal de ôfbaarnde mûne Windlust syn monumintestatus ferliest. Dat stelt de fraksje yn skriftlike fragen oant kolleezje fan Deputearre Steaten. Sa as bekend wol de Rykstsjinst foar kultureel erfguod dat de mûne fan de list mei ryksmonuminten ôffierd wurdt. Der soenen neffens saakkundigen te min orizjinele boumaterialen yn ferwurke wêze. Ien fan de gefolgen fan sa ‘n beslút is dat op termyn it underhâld fan de byldbepalende mûne faai komt te stean.
Neffens de FNP soe it skrassen fan de mûne fan de list mei ryksmonuminten in klap yn ‘t gesicht fan de Boerumers wêze. De mûne wie en is in markant bouwurk, in drager foar it Fryske lânskip en moat dêrom sjoen wurde as in provinsjaal belang.
Lykwols ferwachtet wurdfierder Jan Visser in posityf beslút fan de Rykstsjinst: ‘It entûsjasme en de mienskipssin wêrmei ‘t de mûne wer opboud is moatte wol beleane wurde. Boppedat is der hielendal gjin sprake fan in modernisearring mar fan in fakkundige restauraasje’.
De FNP is posityf oer it behâld fan de monumintestatus. Mocht it Ryk dochs in oar beslút nimme dan moat de gemeente yn needsitewaasje in berop dwaan kinne op de provinsje foar it ûnderhâld. Grutsk op ‘e romte en omtinken foar restauraasjetechniken binne oant 2017 nije spearpunten yn it provinsjale monumintebelied. Neffens Visser lizze der prachtige kânsen om as gebietsregiseur it Ryk oan te fiterjen en mear ynfloed te krijen op ‘t behâld fan it kulturele erfguod.