FNP: Sikehûssoarch moat bliuwe yn Fryslân! · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

FNP: Sikehûssoarch moat bliuwe yn Fryslân!

maandag 22 december 2014

De FNP hat sneon 20 desimber in besite brocht oan it bedrige sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. In delegaasje fan 20 FNP’ers mei ûnder oaren de wethâlder en riedsleden út Noardeast Fryslân, FNP steateleden en deputearre Johannes Kramer praten mei de inisjatyfnimmers foar in trochstart fan de Sionsberg.

Listlûker Johannes Kramer stelde dat Noardeast Fryslân dizze wichtige foarsjenning net misse kin. Fansels foar de pasjinten, mar ek foar it behâld fan de wurkgelegenheid en it imago fan in regio dêr ‘t it goed wenjen en wurkjen is. En it giet dan net inkeld om Noardeast Fryslân, ek oare streeksikehuzen yn Fryslân binne net sûnder mear wis fan har fuortbestean yn de takomst. It behâld fan foldwaande beskikbere en berikbere soarch foar elke ynwenner fan Fryslân is foar de FNP ek in wichtich spearpunt yn de ferkiezingskampanje. De provinsje moat finansjeel bydrage om it behâld fan de sikehûsfersjennings mooglik te meitsjen, foar de regio Noardeast Fryslân en ek foar oare krimpgebieten dy’t aanst mooglik foar itselde probleem komme.

De FNP sjocht yn de kwestje mei de Sionsberg in foarbyld fan it feit dat Haachske plannen net oerienkomme mei de Fryske wurklikheid. De merkwurking en de managers fan de fersekerders  slane foar master op, wylst it útgongspunt no krekt wêze moat dat der foldwaande beskikbere en berikbere soarch is. De ôfrûne wike hat sjen litten dat polityk Den Haag it politike spul wichtiger fynt as it belang fan de boargers. Den Haag  mei VVD Minister Schippers foarop hat de ynwenners fan Noard East Fryslân yn ‘e kjeld stean litten.

Minder Haachske Managers- Mear Soarch!

Op de foto:
Peter Fahner, vice foarsitter fan de medyske stêf fan de Sionsberg fertelt de FNP wêr’t se yn Dokkum mei dwaande binne.  Neist Fahner listlûker Johannes Kramer. Tredde fan rjochts Klaas Fokkinga (kandidaat steatelid) en sânde fan rjochts Corlienke de Jong, nûmer 2 op de list fan de FNP foar de steateferkiezingen yn maart 2015.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
FNP: Sikehûssoarch moat bliuwe yn Fryslân! · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?