FNP: opnij aksje foar iepenhâlden sikehûs Sionsberg · Foto('s): 

FNP: opnij aksje foar iepenhâlden sikehûs Sionsberg

woensdag 03 augustus 2016

De Steatefraksje fan de FNP wol dat it Kolleezje fan DS fan Fryslân opnij yn aksje komt foar it behâld fan sikehûs Sionsberg yn Dokkum. De partij hat dêrom hjoed skriftlike fragen steld yn ferbân mei it nijs dat soarchfersekerder De Friesland it kontrakt mei Sionsberg mei yngong fan 1 jannewaris 2017 opsizze wol. De FNP wol dat ferantwurdlik deputearre Schrier noch foar it oankundige petear tusken De Friesland en Sionsberg yn septimber yn aksje komt.

De FNP fynt it tryst dat it fuortbestean fan Sionsberg no opnij bedrige wurdt. En dat de sikehûssoarch oan de regio Noardeast Fryslân fan hast 100.000 minsken dêrtroch op it spul stiet. Ynklusyf de waadeilannen It Amelân en Skiermûntseach. De FNP wol dat soarch beskikber én berikber bliuwt en dêrom moat it Kolleezje fan Fryslân oan it wurk om Sionsberg te rêden. De partij wiist ek op in Steatebrede moasje fan maaie 2012 dêr’t de Steaten fan Fryslân har útsprutsen hawwe foar it behâld fan akute en bertesoarch yn Noardeast Fryslân. Dy moasje hie ek ferbân mei it ynstânhâlden fan foarsjennings yn dy saneamde ‘krimpregio’.

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP fynt it “ûnbegryplik dat de soarch oan hast 100.000 minsken konstant bedrige wurdt troch in pear djoerbetelle managers”. De partij wol dêrom witte hoe’t it stiet mei de ynspannings fan it Kolleezje om mear sizzenskip te krijen oer de sprieding fan de soarchfoarsjennings yn Fryslân. Dat is ien fan de doelstellings fan it Koalysje-akkoart fan 2015-2019 fan Fryslân. “De mienskip moat mear ynfloed krije om soarch-ynstellings lykas Sionsberg te behâlden”, neffens Posthumus. “Dat betsjut dat de Steaten fan Fryslân demokratyske kontrôle útoefenje kinne op besluten fan ynstellings lykas De Friesland dy’t oer de berikberens en beskikberens fan de soarch gean”.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?