De FNP Dongeradiel hat Aldjiersdei in besite brocht oan ferskate karbidsjitploegen. Pytsje de Graaf, Fedde Breeuwsma , Lolke Folkertsma en Jaap Postema makken in toer troch Dongeradiel. Hja seagen yn Ie de keunst fan it karbidsjitten ôf , sa ek yn Ingwierrum. De ferskate ploegen krigen fan de FNP de bekende stikker ‘ik hâld fan … en dan de namme fan it doarp. De stikkers wiene net oan te slepen en dizze geste waard tige wurdearre.
Yn Ingwierrum waard de nije lokaasje besjoen en tagelyk waard de fraksje op’e hichte brocht fan de lekke iisbaan. Yn Eanjum waard ek omraak sketten sa ek yn Peazens/ Moddergat, Nes en Ternaard. Yn Hantum fermakke jong en âld harren ek goed. Njonken in petear mei de jongerein waarden de riedsleden ek bypraten troch de omstanners oer aktuele saken dy’t yn eigen doarp spilen.
Pytsje de Graaf , de listlûker fan de FNP foar de kommende riedsferkiezings fan 19 maart wie bliid dat alle karbidploegen goed om de feilichheid tochten. It karbidsjitten is in tradysje mar kin net sûnder omtinken foar hurde knallen en fleanende deksels en of ballen troch de loft. Karbidsjitten kin net sûnder goede earbeskermers en it gebrûk fan in feilichheidsbril . Sa kinne wy de tradysje yn stân hâlde.