INGEZONDEN: FNP: Noed oer mooglike sluting fiskgebiet boppe Skiermûntseach · Foto('s): Erik Visser
  Erik Visser

INGEZONDEN: FNP: Noed oer mooglike sluting fiskgebiet boppe Skiermûntseach

woensdag 08 juli 2020

SCHIERMONNIKOOG – De FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslân hat noed oer de mooglike slúting fan histoaryske fiskgrûn yn de Noardsee boppe Skiermûntseach. Dat soarget foar ûnrêst ûnder de garnalefiskers fan Lauwerseach en Zoutkamp, want sy reitsje mooglik in part fan harren ynkomsten kwyt. Dêrom stelt de partij fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

De ûnrêst is in gefolch fan it Noardsee-akkoart dat yn febrewaris, nei mear as in jier ûnderhanneljen, berikt waard tusken de ryksoerheid, de enerzjysektor, de fiskerij, natuerorganisaasjes en de seehavens. Doe wie de stimming ûnder de garnalefiskers noch posityf, mar dy is no omslein yn lilkens.

“De fiskers fiele harren passearre en binne oerfallen troch de publikaasje fan it konsept”, seit Bert Koonstra, fraksjefoarsitter fan FNP Noardeast-Fryslân. “No is alles al ynkleure, en de fiskerijbûn en de fiskers binne net op de hichte steld.”

Oandielhâlder
Troch sluting fan de fiskgrûn soene hûnderten fiskers yn ‘e problemen komme kinne. “Al mei al giet it om 200 oant 300 minsken”, neffens Koonstra. “Mar de gemeente Noardeast-Fryslân is ek oandielhâlder fan Lauwerseach. Wy binne der mei dwaande om foaral dy haven in ekonomyske slinger te jaan, en it soe fansels net bêst wêze as al dy fiskerij dêr fuort falt.”

Fragen:
1. Is de gemeente Noardeast- Fryslân op’e hichte fan de oannommen sluting fan
de histoaryske fiskgrûnen t’en Noarden fan Skiermûntseach?
Witte de gemeente wêrom dizze fiskgrûnen sluten wurde?
2. Hokker seleksje is der makke om dit gebiet te sluten en de grutte dêr fan?
3. Wat giet de gemeente foar de passearre garnalefiskers dwaan?
4. Foar duorsumens yn it projekt shrimp4live is koartlyn noch 500.000 euro fan út
it Waadsee fûns takent. Der wurdt dus noch flink yn
duorsum fiskjen ynvestearre (totaal € 1.3 mio). Hoe is dat te rymjen mei in
eventuele sluting fan de garnalen fiskgrûnen t’en Noarden fan Skiermûntseach?

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?