Yn ferskate media wie te lêzen dat de beamwâlen driigje te fertutearzjen troch it útbliuwen fan ûnderhâld. Beamwâlen dy’t goed ûnderhâlden wurde binne in rykdom foar it bioferskaat.
Om’t de FNP fraksje fan Noardeast-Fryslân it bioferskaat in waarm hert ta draacht hat de fraksje skriftlike fragen stelt oan it Kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
De FNP wol graach witte hoe oft it ûnderhâld en it beskermjen fan de beamwâlen yn harren eigen gemeente regele is, en oft de eigeners fan de beamwâlen ek ynformearre en stimulearre wurde om gebrûk te meitsjen fan eventuele subsydzjes.
Ek wol de FNP graach witte oft der tafersjoch is op it ûnderhâld fan dizze beamwâlen. Beamwâlen dy goed ûnderhâlden wurde fergrutsje it bioferskaat yn ús gemeente, en dêrmei it leefgebiet fan û.a. fûgels, ynsekten en flinters.