DOKKUM – De FNP fraksje fan de gemeente Noardeast-Fryslân tsjinne by de begrutting foar 2021 in amendemint yn oer it beskikber stellen fan in bedrach fan 25.000 euro foar it operasjoneel krijen fan de spoedsoarch fan de Sionsberg. In totaalbedrach fan nei skatting 125.000 euro kin sa op basis fan ko-finansjering ta stân komme.
De FNP fraksje fynt dat it in taak fan de gemeente is om noed te stean foar de soarch, feiligens en it wolwêzen fan har ynwenners en dat it beskikber stellen fan it budzjet dat ûnderstreket. It jild sil brûkt wurde om primêre foarsjennings lykas materiaal en apparatuer oan te skaffen en te ferfangen. Sa kin de spoedsoarch, dy’t neffens de FNP by in stêd as Dokkum en in fitale regio as Noardeast-Fryslân past, in goeie start te meitsjen!
It amendemint waard mei in mearderheid fan stimmen oannaam, spitigernôch stimden, sels nei ferskate fersiken fan de FNP om it riedsbreed oannimme te litten, net alle partijen mei yn. It jild wurdt beskikber stelt en komt frij sadra’t stifting Sionsberg in ynvestearringsplan ynleveret. Sa kin de spoedsoarch op 1 jannewaris 2021 los!