Tongersdeitejûn hôld Holwert oan See in dúdlike presintaasje yn de ried fan Noardeast-Fryslân. Men kin fan it projekt fine wat men wol mar de FNP sjocht it as in tige ambysjeus projekt dat wolris in geweldich posityf effekt ha kin op sawol Holwert as op de hiele regio. Sterker noch, yn ferhâlding mei in pear jier lyn binne wy fan in grut oerskot oan wenten nei in knipend tekoart gean yn Holwert, sa ûnderstreket de stjoergroep Holwert oan See nei fragen fan de FNP Noardeast-Fryslân, Holwert sit op slot!
Wêr moatte ús minsken, jong en âld ansen wenje yn it prachtige Holwert oan See mar ek yn ús oare doarpen? Dêrom seit de FNP Noardeast-Fryslân: Jou us doarpen de romte en ferkwânselje de wentekontigenten net samar oan de grutte plakken as oan oare regio’s.