FNP: lobby foar gasbaten trochsette

donderdag 13 juni 2013

Fryslân moat in fiks part fan de € 829 miljoen oan jierlikse gasbaten út Fryske boaiem krije. De FNP freget it Kolleezje fan Deputearre Steaten om de dêrfoar taseine lobby op ’e nij op te pakken. De lobby foar de gasbaten is begjin 2012 tasein nei in breed stipe moasje fan de Steaten. Ut antwurden op ferskate keamerfragen blykt dat it Haachske regear it saneamde ‘fynplakfoardiel’ ûnderwilens erkend hat. De FNP sjocht dêryn in iepening foar de lobby om in part fan it gasjild oan de regio ten goede komme te litten. Dat stiet los fan de besteande skeafergoedings foar boaiemdelgong en ierdbevings.

It Fryske Kolleezje hat al ris mei doetiidsk minister Verhagen praat oer de kwestje, en dy soe der wol iepen foar stean, sa meldt FNP wurdfierder Sybren Posthumus. Dêrnei hat it regear antwurde op fragen fan de OSF yn de Earste Keamer oer de gasbaten. Ien fan de opsjes om de akseptaasje fan mynbou aktiviteiten te fergrutsjen soe wêze om in part fan de opbringsten oan de regio te jaan.

Doe’t ferfolgens it CDA yn de Twadde Keamer ek fragen stelde oer de lanlike gasrontondestrategy blykte dat in útstel dien is om in part fan de gasbaten te stoarten yn in fûns foar lokale duorsume enerzjyprojekten. In dúdlike iepening neffens de FNP, dat it prinsipe fan it ‘fynplakfoardiel’ no serieus nommen wurdt.

De gasopbringsten smite Nederlân alle jierren sa’n € 12 miljard op. De gasopbringsten út Fryske gasfjilden op ‘e fêste wâl yn Dongeradiel, de Súdwâl, Tytsjerksteradiel ensfh. smite de Nederlânske steat (útgeande fan 6,9% fan de winning yn Fryslân) op jierbasis 829 miljoen euro op. Ta ferliking: de jierlikse ynkomsten fan de provinsje Fryslân rinne de kommende jierren werom fan € 383 miljoen (2013) nei € 241 miljoen (2017) neffens de lêstferskynde kadernota 2014 (bylage 3). Dat hat benammen te krijen mei legere ynkomsten út it provinsjefûns en ienmalige ryksútkearings. Mei it each op de al tsientallen jierren hegere wurkleazens yn Fryslân moat Fryslân mear eigen middels krije om dy te bestriden. Fryslân hat as kearntaak om de Regionale ekonomy te stimulearjen en der moat dêrom no bûter by de fisk, sa stelt Posthumus.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?