NOARDEAST-FRYSLÂN – “Sanne siket plak!” De gjalp wêrmei’t de FNP foarrich jier in filmke opnaam oer de problemen oangeande wentebou yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De wentemerk sit op slot, dat blykt út talleaze reaksjes, enkêtes en ynstjoerde brieven út de ferskate doarpen mar ek út it aktuele wente-oanbod. Der stiet benei neat te keap en de prizen binne himelheech. Us eigen jongerein lûkt fuort troch de krapte en foar de âlderein is der ek weinich alternatyf. Faak hat de FNP fraksje hammere op in dokumint dat de wentebou yn de gemeente yn goeie banen liede kin en dat him net beëangje lit troch krimpprognoases. In ambisjeus beliedsdokumint dat dúdlik, konkreet en boppe-al slachfeardich is dus.
De FNP fynt dat de tongersdei yn de ried behannele wenfyzje lang net ambisjeus genôch is en ropt yn in moasje dan ek op ta mear kriich by it kolleezje. Net ôfwachtsje mar ynsette, lef toane en de mûle iepen skuorre, ek rjochting de provinsje. Ien fan de saken dy’t bygelyks yn de fyzje stiet is dat it tal sosjale hierwenten wol stadichoan efterút buorkje mei. De FNP fynt dit net kinnen en easke mei in amendemint dat dit feroare wurde soe. “Yn in gemeente as Noardeast-Fryslân is it fan grut belang dat wy ús foarried sosjale hierwenten op oarder ha,” beklammet wurdfierder Hanneke Jouta, “yn it foarste plak om minsken út de buert dy’t (noch) net in keaphûs betelje kin in goed plak te bieden, en dy binne der yn ús gemeente mear as genôch.”
Sawol it amendemint as de moasje koene rekkenje op brede stipe. It amendemint feroare de wenfyzje.