FNP Dongeradiel op besite by Outletwinkel · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

FNP Dongeradiel op besite by Outletwinkel

maandag 19 juni 2017

Studinten fan de ROC Friese Poort en harren begelieders ûntfongen mar wat graach FNP’ers yn de Outletwinkel yn de Nauwstrjitte. Oan de kofje tafel waard troch de studinten útlis jûn oer harren erfaringen yn de outletdokkum@gmail.com winkel. 10 wiken rinne se dêr staazje en krije se te meitsjen mei ferkeap,etalearjen,kassawurk, foarriebehear en oare wurksumheden.

Ek it wurkjen mei de kompjûter en it behear fan Facebook hawwe se yn it pakket. Sels rêde hja mei de besetting fan de winkel, sykte en de wykeinbesetting is altiten in ekstra útdaging. Dus alles oanpakke wat op harren ôfkomt. Sa’n 8 jier ferlyn is de Outletwinkel yn it libben roppen. De lêste 4 jier yn de Nauwstrjitte yn Dokkum hawwe se de romte om echt oan’e slach te kinnen. Op dit stuit dogge 31 ûndernimmers út Dokkum mei. Dy bringe harren oerstallige produkten ûnder by de Outletwinkel. Benny van Boerum as begelieder fanút de OVD en Paul Velthuis as dosint kamen dêrnei noch mei mear útlis oer de winkel. Dúdlik wie dat der sterk op de praktyk ynset waard. Ek binne der oer de winkelformule kontakten mei it bûtenlân sa as Finlân en Letlân. Ferskate saken waarden oanstippe lykas feiligens en profesjonalisearring en hoe om te gean mei de klanten. Mei in rûnlieding troch de winkel en magazinen waard dizze wurkbesite ôfsletten. De FNP-ploech wie tige te sprekken en konstatearre dat de formule Outletwinkel : ûnderwiis en praktyk elkoar sa fersterkje.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?