Op Valentijnsdei is yn de Waagstrjitte yn Dokkum it earste FNP-hûs yn Dongeradiel iepene. Grutte Pier wie yn heechst eigen persoan nei Dokkum kaam om mei de listlûker Pytsje de Graaf de doarren te iepenjen. Grutte Pier hat wat mei Fryslân en de FNP en hy winske de FNP-Dongeradiel in protte sukses ta mei de kommende ferkiezings. Gean fûleindich foar in better Dongeradiel, sa wie syn sizzen. Mei spearpunten lykas soarch tichtby de minsken, talintûntwikkeling op it mêd fan sport, kultuer en ûnderwiis, behâld wurkgelegenheid en hierwenten en stean foar de gefolgen fan boaiemdelgong en de klaim mear jild by winning foar de regio, giet de FNP mei goede moed de ferkiezings yn. Der wie in soad belangstelling foar it FNP-hûs en in soad makken fan de gelegenheid gebrûk om efkes mei de riedsleden en wethâlder oer saken te praten dy’t harren dwaande hâlde.
Mei it FNP-hûs yn it hert fan Dokkum wol de FNP ek omtinken jaan oan de leechstân fan winkelpanden yn de Binnenstêd. It FNP-hûs is iepen op woansdeitemiddeis, freedtemiddeis en jûns en sneontemiddeis. Woansdeis en sneons is de wethâlder Pytsje de Graaf oanwêzich om befrege te wurden oer allerhande saken.
Moarns hienen de FNP-ers al nei in pear doarpen west om de bewenners dêr in Valentijnshert oan te bieden. Dat koenen de bewenners wol wurdearje. De FNP makket it sizzen: Midden yn de Mienskip mei al har aksjes wier.