De FNP fraksje hat in wurkbesite brocht oan Dagbesteding Nocht en Wille yn Mitselwier. Yn de eardere IBS-skoalle oan’e Snikke waarden de besikers hertlik troch dhr.Knippenberg, tegearre mei syn frou eigner fan de ynstelling,wolkom hjitten.Nei in tige nijsgjirrige rûnlieding troch de prachtige lokaasje, mei in saakkundige útlis fan de eigner, waard ûnder it geniet fan in bakje kofje en tee, it selskip bypraat.
Nocht en Wille is in organisaasje dy’t deis oan mearfâldige beheinden ûnderdak jout. 11 meiwurkers fersoargje 5 dagen yn’e wike sa’n 30 klanten. Dy wurde mei persoanebuskes út de wide omjouwing fan hûs helle en op’e neidei wer thús brocht. Op it wenstee fan de fam.Knippenberg yn Peasens hawwe se ek noch 6 klanten permanint ûnder harren hoede. Oerdeis wurde by moai waar bûten de klanten dwaande hâlden mei û.o. swimmen, hynderriden, besites oan in biologyske buorkerij en boarterstún en gean sa mar troch.
Yn de lokaasje binne in grut tal foarsjennings om de klanten it dêr nei’t sin te meitsjen. It waard ús as FNP dúdlik dat de linen koart binne yn dizze organisaasje en de lieding en personiel yn grutte harmonij mei-inoar oparbeidzje. Oer de gearwurking mei de gemeente Dongeradiel wienen se goed te sprekken. FNP Dongeradiel sjocht werom op in fruchtbere en boeiende besite. Sjoch ek: www.nocht-en- wille.nl.