FNP: buertbus moat gau de dyk wer op · Foto('s): 

FNP: buertbus moat gau de dyk wer op

maandag 24 augustus 2020

LJOUWERT – De FNP fynt dat de brûkers fan de buertbus yn Fryslân gau wer de mooglikheid hawwe moatte mei it iepenbier ferfier te reizgjen. Neffens berjochten yn de media fan dit wykein kin de feiligens yn de lytse achtpersoans buertbuskes net garandearre wurde, sa blykt út ûndersyk fan TNO. In oplossing wurdt net foar oktober ferwachte, en dêrom wol de FNP dat der alternativen komme foar de reizgers dy’t fan de Fryske buertbuslijnen gebrûk meitsje. 

Essinsjeel ferfier stiet stil

Yn Fryslân binne der neffens tsjinstregeling seis buertbuslijnen, benammen yn it súdeasten en súdwesten fan de provinsje. Foaral âlderen en skoalbern brûke de buertbus, dy’t essinsjeel is foar de berikberens en leefberens fan in part fan de provinsje dêr’t boadskippen in pear doarpen fierderop dien wurde en oars gjin iepenbier ferfier is. Sûnt it útbrekken fan koroana stean de buertbussen yn Fryslân stil. Mei mar ien tagongsdoar kin in goede fentilaasje yn de achtpersoansbuskes net garandearre wurde. De ritten mei de buertbussen wurde boppedat riden mei frijwilligers dy’t faak al wat op leeftyd binne, en dêrmei ta de koroana-risikogroep hearre.

Skriftlike fragen

De FNP Steatefraksje wol dat de provinsje der tegearre mei ferfierder Arriva op ta wurket dat de brûkers fan de buertbuslijnen sa gau mooglik wer mei de bus reizgje kinne. Dat is omsa wichtiger no’t de skoallen wer begjinne. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten freget steatelid Wopke Veenstra dêrom om ek nei alternativen foar de achtpersoansbuskes mei frijwilligers te sjen: ‘Hat Arriva kapasiteit om gruttere bussen yn te setten op de buertbuslijnen? En as dat net it gefal is, sjocht it kolleezje dan ek tegearre mei Arriva nei mooglikheden om bygelyks de bussen fan Fryske busûndernimmers yn te setten om it probleem yn de kommende tiid op te lossen?’

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?