Listlûker Johannes Kramer hat op 3 jannewaris yn Ljouwert op ‘e jierlikse nijjiersgearsit fan de FNP pleite foar in foarse ynvestearring yn de Fryske Mienskip. De FNP wol de kommende steateperioade jierliks 5 miljoen ekstra ynvestearje yn Noardeast-Fryslân. Dan giet it om projekten dy’t de leefberens en de wurkgelegenheid stimulearje. Neffens Johannes Kramer kin it dêrby gean om Holwert oan See, in ambisjeus projekt mei natuer, rekreaasje en wetter yn Dongeradiel, mar ek om oare, mear lytskalige inisjativen, bygelyks yn it toerisme of de natuer. It is neffens Kramer wichtich dat de Mienskip sels fan ûnder op mei praat en mei beslist oer wat der mei dat jild bart.
“Op Den Haag hoege wy de kommende jierren net te rekkenjen. Mar dat is gjin reden om de kop hingje te litten. De provinsje kin mei de gemeenten en de Mienskip it ferskil meitsje. De ôfrûne fjouwer jier ha ik as regiodeputearre der mei de gemeenten foar soarge dat it sosjaal ekonomysk masterplan súksesfol fertaald is yn de Agenda Netwerk Noord Oost. Dat is no ‘op stoom’. Súd Ie, wettersportdoarp Kollum, mar ek Kansen in Kernen binne hjir prima foarbylden fan. “Dêr moatte wy mei trochsette en, dêr’t dat kin, in skepke der boppe-op dwaan “, sa seit de foarman fan de FNP.
Fansels is de problematyk mei de Sionsberg ek op it aljemint kaam by de nijjiersgearsit. De partij wol dêrom nei in yngreven maatskiplike diskusje fan twa jier in referindum hâlde oer de fraach oft de provinsje de sizzenskip krije moat oer de sprieding, de berikberens en de beskikberens fan de sûnensoarch. Kramer: “De provinsje baas, de soarchfersekerders oan it tsjoar en de boargers wer gerêst!” De Sionsberg is foar de FNP it bewiis dat de soarchferskerders baas binne en de belestingbeteller, de boarger troch alle merkwurking en skaalfergrutting te fier op ôfstân kaam is. ‘De managers binne baas en de boarger de bok.’ Dat moat oars neffens de FNP.