TWIZEL – De Simke Kloostermanpriis foar it bêste berneboek wurdt yn 2022 foar de fjirtjinde kear útrikt. De sjuery, besteande út Wâlddichter Arjan Hut, berneboekespesjalist Jant van der Weg en skriuwer Martsje de Jong, bûget har oer de 40 oarspronklik Fryske wurken dy’t yn de ôfrûne trije jier ferskynd binne. De priis fan €5000,- en bygeande hânmakke oarkonde wurdt op freed 20 maaie troch kommissaris fan ‘e Kening Arno Brok útrikt yn de Petrustsjerke yn Twizel.
Yn it ramt fan de útrikking organisearret it Simke Kloostemanlien in foarlêswedstriid ûnder learlingen út groep 7 en 8 yn Achtkarspelen. Acht finalisten sille op 16 febrewaris yn doarpshûs De Bining yn Twizel in fragmint foarlêze út in Frysk boek nei harren eigen kar, oarspronklik wurk of in oersetting. De finale wurdt mei in beheind tal taskôgers holden dy’t troch de dielnimmers keazen wurde. De winner wurdt op de priisútrikking 20 maaie huldige en útnûge om út it winnende boek foar te lêzen. By de foarige edysje foel Lenora Louwes fan It Skriuwboerd yn Surhústerfean yn de prizen. Sy lies it ferhaal ‘Skilderje op ‘e muorre’ fenomenaal foar út it winnende boek Tomkes foarlêsfeest.
Ein febrewaris wurde de nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis 2022 bekendmakke.