DRACHTEN – De finalisten fan SjONG, it twajierlikse Fryske sjongfestival foar 12-18-jierrigen, binne bekend. Sjueryleden Raynaud Ritsma en Janneke Brakels hawwe 6 kandidaten útsocht dy’t nei de audysjes troch meie nei de finale yn Neushoorn op sneon 17 juny 2023. SjONG fynt dit jier foar de tsiende kear plak.
Troch nei de finale binne:
Tsiende edysje
Dizze edysje fan SjONG is de tsiende edysje en dêrom beklimme ek in stik as wat âld-winners nochris it SjONG-poadium yn de finale. Sa sjongt Suzanne Pleiter bygelyks noch ien kear har winnende SjONG-nûmer. Sy wûn it evenemint yn 2013 en is no profesjoneel musicalaktrise. Yn oktober stiet se yn it teäter mei Pretpakhuis, in komeedzje ûnder rezjy fan Jon van Eerd. Ek ien fan de lêste SjONG-winners Rowan Veltman treedt op. Hy wûn yn 2021 en die yn 2022 mei syn SjONG-nûmer audysje by Holland’s Got Talent en helle dêr de finale. Undertusken spilet er yn GTST. SjONG fiert it jubileum mei noch mear âld-winners sadat de finale ek in feestje wurdt fan winners troch de jierren hinne.
Wat is SjONG?
SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, it wurdt ien kear yn de twa jier organisearre. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops en dogge audysje. Se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. De bêste acts geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.