Ferfryske leskisten De Klyster klear

woensdag 26 augustus 2009

Natoer- en Miljeu-edukaasjesintrum De Klyster yn Damwâld hat alle leskisten fernijd en ferfryske. Benammen  it ferfryskjen wie foar de sjuery fan de stimulearringswedstriid, dêr’t fertsjintwurdigers fan de Afûk, it Berie foar it Frysk en de provinsje Fryslân yn sieten, oanlieding om it projekt, dat de gemeente Dantumadiel foardroegen hie, de priis fan € 5.000,-. ta te kennen.


Wethâlder Siepie Hylkema  hat de priis yn novimber 2008 yn ûntfangst nommen. Dêrnei binne Marjolein Staal en Pyke Kroes fan De Klyster hurd oan it wurk gongen. En it resultaat mei der wêze! De Klyster is it Natoer- en Miljeu Edukaasje Sintrum fan Noardeast Fryslân. It sintrum is in inisjatyf fan de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, en Kollumerlân c.a. mei as doel de natoer- en milieuedukaasje yn in dizze gemeenten te stypjen  en te stimulearjen. Eltsenien dy’t mei natoer en miljeu oan de slach wol en stipe of materiaal brûke moat  kin by De Klyster terjochte.


Dat net allinnich de namme fan De Klyster Frysk is mar dat fan no ôf ek it lesmatriaal ‘op syn Frysk’ brûkt wurde kin is in lyts feestje wurdich. Freed 28 augustus om 9.00 oere is it safier. Dan wurde de aktiviteiten en de fernijde leskisten  presintearre. Nei de presintaasje sille bern fan basisskoalle It Kompas út Peazens en in betoefte gids út de praktyk sil sjen litte hoe’t de Fryske taal ûnderdiel wurden is fan it lesoanbod fan De Klyster.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on Air!
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?