OOSTERNIJKERK – By de KFFB is ferskynd de roman ‘Feest yn Gennaard’, de tweintichste útjefte fan skriuwer Anders Rozendal. It earste eksimplaar is oan him útrikt op freed 23 septimber, de dei dat ek syn soan Jan Minno de Simke Kloostermanpriis útrikt krige.
Gennaard is in doarpke yn krimp: der binne noch gjin trijehûndert ynwenners. It bestjoer fan doarpsbelang besiket wol om de fleur der yn te hâlden, mar wat kinne sy noch mei harren beheinde middels?
Dan wurdt harren op in wat kurieuze wize njoggenhûndert euro oanbean mei de betingst dat der in doarpsfeest organisearre wurde moat.
De twadde ferhaalline giet oer Femke Groeneveld fan It Hearrenfean. Sy is lid fan motorclub The Moorriders. De motorclub hat deselde problemen as Gennaard: der geane wol leden fuort, mar der komme gjin by. Femke wol der ek by wei. Mar se sil noch ien kear mei de boys op stap. Chief Pete hat útfûn dat earne in doarpsfeest hâlden wurdt. En wat is in feest sûnder The Moorriders?
Anders M. Rozendal (Easternijtsjerk, 1946) debutearre yn 2001 by de KFFB mei syn roman De Muorre. Dêrnei folge noch in lange rige romans en twa ferhalebondels, dêrûnder Foar dy, mei 20 koarte bibelferhalen foar bern. Feest yn Gennaard is alwer syn achttjinde roman.
Bijskrift foto: Skriuwer Anders Rozendal krijt it earste eksimplaar útrikt troch KFFB-bestjoerslid Martsje de Jong.
Dit is een reclame: deze tekst is niet geschreven door de RTV NOF redactie.