Feest op bernedeiferbliuw Twinkel · Foto('s): Sake Beerstra
  Sake Beerstra

Feest op bernedeiferbliuw Twinkel

zaterdag 19 september 2015

Op sneon 19 septimber wie it feest op bernedeiferbliuw Twinkel yn Kollum. Sy hawwe it sertifikaat ‘bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen. Sûnt augustus 2013 wurdt der op Twinkel mei in belied wurke dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Liedsters Sijtske en Trea hawwe har der foar ynsetten om it taalbelied goed yn de praktyk te bringen en hawwe it trajekt binnen 2 jier ôfrûne.

Om te fieren dat sy no in sertifisearre twatalich bernesintrum binne, hawwe sy in feest foar alle bern en âlden organisearre. Nei de oerlanging fan it sertifikaat hawwe Riemkje Pitstra en Jetske Miedema de Tomke-foarstelling ‘Lekker ite’ spile. Dêrnei stie der foar elk wat lekkers klear en wienen der aktviteiten foar de bern.

Twinkel is in lytsskalich bernedeiferbliuw. Sûnt 2013 is Twinkel by it Sintrum Frysktalige Berne-opfang oansletten, om mei in twatalich belied te wurkjen. Dat belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: Sijtske praat konsekwint Frysk mei alle bern en âlden en Trea praat konsekwint Nederlânsk. Beide talen krije ek omtinken by it foarlêzen, it sjongen en by taalspultsjes. Foar in lykwichtige twatalige ûntwikkeling is it belangryk dat der in soad omtinken foar de minderheidstaal, it Frysk, is. Sijtske en Trea hâlde yn de gaten dat de ferhâlding tusken de talen yn oarder is.

Yn april fan 2015 hat de fisitaasjekommisje by Sijtske en Trea west om te sjen oft sy it taalbelied goed útfiere. Ut har ferslach docht bliken dat dat sa is en de kommisje skriuwt ûnder oaren: De moarn hat in dúdlike struktuer mei fêste mominten; oergongen wurde mei ferskes oanjûn. De liedsters beneame de aktiviteiten en stypje de bern om mei te tinken. En: It is moai om te sjen dat de liedsters op in talige wize de bern by alle aktiviteiten belûke. De lytskes leare dêr fuort ek fan. It wie in gesellich Tomke feest.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?