Eeuwe en Anneke de Vries út Aldtsjerk fiere harren diamanten houliksfeest · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Eeuwe en Anneke de Vries út Aldtsjerk fiere harren diamanten houliksfeest

dinsdag 26 september 2023

ALDTSJERK – Tiisdei 26 septimber fiere Eeuwe en Anneke de Vries út Aldtsjerk harren diamanten houliksfeest. Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel kaam hjoed del om harren te lokwinskjen mei dizze dei.

It houlik stiet yn it teken fan wetter en it behearen fan wetter. Op de houliksdei moast Eeuwe earst noch mealle de dei wie ienfâldich en dy tiid waard allesrege le troch de âlders. It feest wie yn kafee Rinsma op Bartelehiem. Eeuwe en Annekeha earst noch by de alders ynwenne en binne nei de mûne de Olifant ferhuze, der wiene se mûnder en boer.

Begjin jierren 70 ferhuzen se nei Gytsjerk by it gemaal en letter yn 1975 nei Aldtsjerk. Ek hjir is Eeuwe jierren mûnder en boer. Mar net allinne wetter spilet in grutte rol yn syn libben. Ek it reedriden, 4 kear de Alvestêdetocht, en hurdfytsen. Anneke stie efter har man, tegearre ha se it sporten mooglik makke.

Anneke hat ek de nedige sportive útdagingen levere. De Slachte maraton en fjouwer kear de 4 daagse fan Nijmegen. Noch altyd binne se aktyf, allinne of tegearre genietsje se fan it libben. Eeuwe en Anneke krigen trije bern, twa jonges en ien famke, twa pake beppesizzers meitsje it gehiel kompleet.

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?