Eelke Goodijk, grûnlizzer trijetalige skoallen, mei pensjoen · Foto('s): Fotobureau Hoge Noorden, Jaap Schaaf
  Fotobureau Hoge Noorden, Jaap Schaaf

Eelke Goodijk, grûnlizzer trijetalige skoallen, mei pensjoen

woensdag 12 juli 2023

TERNAARD – Nei in ûnderwiiskarriêre fan sa’n 45 jier, sil Eelke Goodijk út Ternaard mei pensjoen. Goodijk wie as master en skoaldirekteur foaroprinner op it mêd fan trijetalich ûnderwiis (Ingelsk, Nederlânsk en Frysk) yn Nederlân.

Nei in pear ûnderwiisjierren yn Grins en Twizelerheide begûn Goodijk ein jierren ’80 yn Ternaard op It Harspit in nije rûte trijetalich ûnderwiis. Hy basearre syn konsept op de oertsjûging dat bern folle mear mei taal kinne as doe de skoalpraktyk wie. Undersyk nei meartalich ûnderwiis yn Baskelân (Ikastola) en Wales fersterken dy oertsjûging. De romte dy’t der binnen de ûnderwiiswet wie foar it brûken fan in oare fiertaal neist it Nederlânsk, koe ynsetten wurde om it Frysk en it Ingelsk in ‘lykweardige’ posysje neist it Nederlânsk te jaan.  De resultaten fan de skoalle wiene goed. Mei de Fryske Underwiispriis krige de skoalle erkenning foar dy nije foarm fan meartalich ûnderwiis. Hoewol’t guon âlden earst wat skeptysk wiene, draaiden se by doe’t bliken die dat de skoalle goed prestearre en troch de ynspeksje priizge waard foar it konsekwinte taalbelied.

Yn de jierren njoggentich kaam der ek út de ûnderwiisadvystsjinst GCO/MSU (no Cedin) wei belangstelling foar dizze foarm fan trijetalich ûnderwiis. Undersikers fan de Fryske Akademy en it MSU sochten nije skoallen dy’t ek eksperimintearje woene mei it konsept 3TS en makken harren entûsjast om mei te dwaan oan in provinsjale pilot trijetalich ûnderwiis. It ûndersyk rûn fan 1997 oant 2006 en der diene seis basisskoallen oan mei, wêrûnder It Harspit. De pilot befêstige dat de opbringsten foar it Nederlânsk gelyk wiene oan it lanlik nivo, foar it Frysk signifikant better as op oare skoallen yn de provinsje en, dat de learlingen op in 3TS harren frijer fielden om it Ingelsk te brûken as bern fan oare skoallen.

Yn 2003 kaam Goodijk by GCO/MSU te wurkjen om it 3TS-kearnteam te fersterkjen. De positive resultaten fan it ûndersyk laten ein 2006, begjin 2007 ta de oprjochting fan it Netwurk 3TS sa’t wy dat no kenne en dat Goodijk al dy jierren begelate en koördinearre. It netwurk begûn eartiids mei sân skoallen en nei in sterke groei yn it begjin binne der no, nei de koroana en de ferskate fúzjes, sa’n fytich skoallen yn Fryslân dy’t oan it konsept wurkje. Eelke Goodijk sil per 1 septimber mei pensjoen. Om’t de simmerfakânsje der tusken sit, is syn ôfskiedsfeest tongersdei 13 july by Cedin yn Drachten.

 

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?