Ebele winner foarronde Aaipop yn It Badhûs · Foto('s): 

Ebele winner foarronde Aaipop yn It Badhûs

zondag 03 februari 2013

De line up fan Aaipop 2013 krijt foarm. Neist û.o. De Kast, De Doelleazen en de Hangouts mei it wurk fan de Rolling Stones yn it Frysk, is Ebele de band dy’t peaskemoandei 1 april it grutste Frysktalige festival iepent. Hy wie de winner sneon yn De Westereen by de foarronde fan Aaipop. Ek krijt Ebele as priis ien dei studio tiid oanbean fan Key Productions, de single sil op Aaipop presintearre wurde. It wie it oardiel fan de faksjuery dy de trochslach joech, nei it tellen fan de publykssjuery en de vaksjuery stie Twirre op likens hichte. Progress út Dokkum einige as tredde op dizze slagge jûn yn It Badhûs te Westereen. Alle trije bands krije noch in optreden oanbean op in Talent-stage fan Friesland Pop.

In seleksje fan bands of artysten dy’t ek op Aaipop spylje binne; Chickens Go Mad, De Sadelrûkers, Marcel Smit en de hiele hannel en Baba Live! Band. Derneist sil Koarsluting de Rockopera ‘It swurd fan Damocles’ opfiere mei in blazers seksje fan tweintich man. It Aaipop festival wurdt dit jier foar de 26ste kear hâlden en fynt plan yn Nijlân. De foarferkeap giet 11 maart los, mear ynfo is te finen op www.aaipop.nl.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?