Metalfestival Dokk’em Open Air yn Dokkum is op syk nei in Fryske iepeningsband. Tradysjegetrou wurde de twa dagen fan folsleine metal dwylsinnigens, sa as de organisaasje it mei in knypeach neamt, iepene troch muzikaal talint fan eigen boaiem.
Fryske muzikanten krije dan net allinnich in soad publisiteit en de kâns om foar in grut publyk te spyljen, mar se diele ek de klaaikeamers mei legendaryske, ynternasjonale artysten as Testament (USA), DORO (DLD), Soilwork (SE), Moonspell (PT), Finntroll (FI) en Dragonforce (GB). En hokker muzikant wol dat net?
Dokk’em Open Air fynt plak op freed 24 en sneon 25 juny 2016 op it festivalterrein oan de Holwerterwei yn Dokkum. Fryske bands út it metal-, hardrock- of hardcore-sjenre, dy’t graach optrede wolle op dit festival, kinne dat witte litte troch foar 15 maaie in mailtsje mei alle ynformaasje te stjoeren nei pr@dokkemopenair.nl.
De programmeur fan it festival sil dan, tegearre mei oare saakkundigen, alle ynstjoerings beharkje en in kar meitsje. Alle ynformaasje oer Dokk’em Open Air (Dokk’em Iepen Loft) en de bands stiet op www.dokkemopenair.eu. Op dy webside binne ek de dei- en wykein-tickets te keap.