Dodenherdenking in Westergeest · Foto('s): Ulbe de Jong
  Ulbe de Jong

Dodenherdenking in Westergeest

woensdag 04 mei 2022

WESTERGEEST – Een stille tocht werd er gelopen vanaf MFC de Tredder naar de begraafplaats in Westergeest. Daar werd iedereen welkom geheten door Wierd Kooistra namens Plaatselijk Belang. Na hoornsignaal 2 minuten stilte en daarna werd Taptoe Infanterie en het Wilhelmus door Durk Bijlstra gespeeld. Daarna kwam een toespraak van Wethouder Jouke Douwe de Vries en werden gedichten voorgelezen door Lieke Minnema en Wieke van Assen namens de Bassischool De Bining.

Daarna volgde de kranslegging door Wethouder Jouke Douwe de Vries namens de gemeente. Hester Adema en Jelke Piet Tjalsma legden een krans namens Plaatselijk belang Westergeest. Anke van Kammen legde een krans namens Basisschool de Bining. Daarna kon iedereen zijn of haar bloemen  neerleggen bij de graven van de omgekomen soldaten.

De taspraak van Wethouder Jouke Douwe de Vries

Achte oanwêzigen, jonges en famkes,

Hjoed is it 4 maaie. De dei dat yn ús lân de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betocht wurde. Mar ek de slachtoffers fan oarloch en fredesmissies nei de tiid. Hjir yn Westergeast binne wy derom hjoed ek 2 minuten stil… Want ek hjir yn dizze omkriten wie de oarloch tichtby. Minsken wiene eartiids bang. Bang om oppakt te wurden, bang foar ferried. In libben yn angst. Iets wat wy ús hjoed-de-dei net mear yntinke kinne.  Anno 2022 libje wy yn frijhyd en meie wy tinke en sizze wat wy wolle.  Dat is in tige kostber geskink. Dyselde frijhyd hiene wy – noch mar- goed 80 jier lyn net.

Mar…hjir net iens sa hiele fier wei is dy frijhyd der net, leit de wrâld der alhiel oars hinne. Minsken libje op dit stuit alhiel yn angst. Ik ha it fansels oer Oekraïne. Ruslân hat begjin maart Oekraine oanfallen. En wêrfoar? Foar macht…noch mear macht. It resultaat: in hiele, hiele protte deaden en ferwûnen, miljoenen minsken op ‘e flecht. Famyljes utelkoar. Op syk nei in feilich plak om bliuwe te kinnen. En dat feilige plak krije se lokkich ek, rûnom yn Europa. It is ús plicht om dizze minsken te helpen…

Elk jier hat it Nationaal Comité 4 en 5 mei in tema. Dit jier is dat: “Vrijheid in verbondenheid”. Tapasliker op de aktuele sitewaasje kin hast net soe ik sizze. Ferbûn wêze mei harren dy’t no te krijen hawwe mei oarloch en de freeslike gefolgen derfan. Hjoed betinke wy hjir yn Westergeast yn it foarste plak dyjingen dy’t foar ús frijyd de heechste priis betellen. Guon fan harren binne hjir yn Westergeast ek te hôf brocht. Op 12 oktober 1941 is in Wellington bommewerper ûnderweis nei Neurenberg yn Dútslân foar in bombardemint op de Dútske oarlochsyndustry. It tastel wurdt lykwols oanfallen troch in Dútsk jachtfleantúch en stoart hjir úteinlik by Westergeast del. Alle 6 bemmaningsleden komme hjirby om it libben en binne hjir te hôf brocht.

Op 4 maaie 1943 wie it op ‘e nij raak. In Halifax bommewerper wurdt delsketten ûnderweis nei in bombardemint yn Dútslân. It fleantúch stoartte hjir by Westergeast del. Alle sân bemanningsleden kamen om. Twa fan harren binne hjir te hôf brocht op dit begraafplak.

Minsken. Dizze freeslike saken barden hjir –noch mar-  sawat 80 jier lyn. It is dan ek goed om te sjen dat hjir hjoed jongere generaasjes oanwêzich binne. Want, de ferhalen fan 1940-1945 moatte ferteld wurde, ek oan ús bern en bernsbern. It libjen yn frijhyd is nammentlik alhiel net fanselssprekkend… Wy moatte mei elkoar wach wêze op en stean foar ús frijhyd. Dat is in ynspanning dy’t wy mei elkoar leverje moatte en ek noed foar stean moatte. Allegear!

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?