As jo al fanôf 1994 tegearre op ‘e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne dikke maten wurden. Mar… Hoe moatte wy dit eins lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte?
De programma’s fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún & Knoffelhakke besykje der in show fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar ris te finen…
Dikke maten is alwer de achtste sjo fan it Hantumer teaterduo. Al hast 25 jier witte se oeral dêr’t se komme de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in noflike jûn besoargje. Lekker laitsje…
It programma Dikke maten giet op sneon 16 septimber 2017 o.s. yn teater Sense te Dokkum premiêre. Kaarten foar dizze premiêre kinne besteld wurde fia de webside fan it teaterduo; www.klun-knoffelhakke.nl as fia de webside fan teater Sense; www.sensedokkum.nl/. Mar belje mei ek: (0519) 571810