De treflike dokter Paul · Foto('s): Sake Beerstra
  Sake Beerstra

De treflike dokter Paul

zondag 26 februari 2023

KOLLUM – Op freedtejûn 3 maart en sneonte jûn 4 maart 2023 om 20.00 oere spilet de KAT it stik “De treflike dokter Paul”. In klucht, yn trije bedriuwen, skrean troch Henk Roede. De fryske bewurking is fan Roel Klijnstra. It tonielstik wurd spile yn de Colle yn Kollum, de seal is iepen fanôf 19.30 oere.

Mei fleur en faasje set Dokter Paul út ein op syn eerste wurkdei as bistedokter yn syn eigen praktyk. Al rap docht bliken, dat syn foargonger, Dokter Vermeulen, der wol gauris putsjes by die en it net sa nei naam mei de etyk. De tichtst by wêzende húsdokters parktyk is nammentlik in hiel ein fierderop.

De measte ynwenners fan it doarp hawwe neat op de illegale praktyken fan Vermeulen tsjin. Mar assistinte Lysbet is net op de hichte brocht troch de âlde dokter. En dat is ek mar better. Mar dat is net it iennige dêr’t de nije dokter mei tangele sit.

Ek syn ex Rita, is hy slim ferlegen mei, want sy docht alle war om him werom te krijen. En sa moat dokter Paul it iene medyske probleem neiitoare ta in goed einbringe. Wylst ûnderfining en kunde te koartsjitte. Sa hawwe Arie en Corrie relaasje problemen en falle Paul dêr mei lêstich, mar dêr is Paul yn de fierste fierte gjin master yn. Syn adfyzen geane dan ek earder de ferkearde, as de goeie kant op.

Bearn, de biologylearaar hat in kuer nedich, mar dat pakt ek al hielendal ferkeard út…Rebecca komt geregeld del, mei har kat yn in kuorke, mar giet it no om de kat of om wat oars? Allinne Willemyn komt wol echt mei bisten del, mar dat is in ferhaal apart.

Eintsjebelút is der noch de postrinner, dy’t fan alles op de hichte bliuwe wol en dêrom fan tefoaren alle post lêst. Hoe moat dizze tize boel ta in goed ein komme? In dwerstroch alles hinne komyske klucht fol mei misferstânnen en dûbeldsinnigens, dy’t garant steane foar in hilaryske jûn.

Foarferkeap

De foarferkeap is fanôf 17 februari by “Hilboezen Poelier” en “Tabak en Lectuurshop Hoekstra”. Telefoanysk reservearje kin tusken 18.30 en 20.00 oere op telefoannûmer: 0511-453972.

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?