DE WESTEREEN – By de KFFB is ‘De Masine’ ferskynd, de tredde roman fan Jan Minno Rozendal. De Masine is in spanned boek, mei thriller-achtige eleminten, en begjint 1934, as Johannes Wiegersma fan Grou in masine útfûn hat dy’t sûnder brânstof rinne kin. Dizze masine kin fan grut belang wêze foar de wrâld en foar it minskdom. De hiele wrâld liket wol achter Johannes oan te sitten, fan grut-yndustriëlen, oant parse en fan wittenskippers oant nasjonaal-sosjalisten. Elk wol de útfining sjen en noch leaver yn besit krije. Mar wurket dy wol? En wêr is dy eins goed foar?
De Masine is in boek yn 3 dielen, dat spilet tusken 1934 en 1938, in roerige tiid. De spanning fan in oarloch op kommende wei, de wurkleazens, it kommunisme, it makket dat it ferhaal fan Johannes Wiegersma je net loslit.
Skriuwer Jan Minno Rozendal (De Westereen, 1979) is histoarikus en biograaf. De Masine is syn tredde roman dy’t útkomt by de KFFB, nei Drift (2017) en De fluchtste blanke (2018).
Foto: Skriuwer Jan Minno Rozendal krijt it earste eksimplaar útrikt troch syn heit, en skriuwer, Anders Rozendal.