Under syn skriuwersnamme Froon Akker hat Koos Tiemersma, de oant no ta iennige Fryske skriuwer dy’t al syn wurk digitaal publisearret, syn debút ‘De ljedder’ no as e-boek útbrocht. Dit boek, dêr’t al mear as 4000 eksimplaren fan ferkocht binne, waard bekroand mei de earste Rink van der Veldepriis.
Yn dit boek, dat ôfwikseljend spilet yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich en de tsjintwurdige tiid, wurdt it ferhaal ferteld fan de 11-jierrige Jacob Nauta, dy’t op lettere leeftyd besiket út te finen wat him yn dy jierren werklik op de pleats fan syn jeugd ôfspile hat. It boek is te besetten fia de side fan Froon Akker, dêr’t ek in Nederlânsktalige ferzje yn te laden is.