De KFFB jout Rembrandt-roman út · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

De KFFB jout Rembrandt-roman út

zondag 19 mei 2019

Sneon 18 maaie krige de Dokkumse skriuwster en oersetster Corry Boelens it earste eksimplaar fan it boek De skilderslearling oerlange. Dit boek mei de oarspronklike titel Der Gehilfe des Malers is skreaun troch de Dútske keunsthistoarika Alexandra Guggenheim.

Der Gehilfe des Malers is ek yn it Frânsk, Koreaansk Spaansk en it Portugeesk oerset. DE KFFB is der grutsk op dat sy de rjochten krigen om dit boek yn it Frysk oersette te litten. It is in prachtich boek dêr՚t it lêste libbensjier fan de grutte skilder yn beskreaun wurdt. It boek is skreaun út it perspektyf wei fan Samuel Bol, de lêste skilderslearling dy՚t Rembrandt hie.

Samuel hie net allinne each foar de skilderkeunst, mar ek foar Cornelia, de moaie dochter fan Rembrandt en Hendrickje Stoffel. De lêzers komme wat oer de technyk fan it skilderjen te witten, mar it libben yn Amsterdam wurdt ek kleurryk beskreaun. Boppedat hat Alexandra Guggenheim in pear spannende yntriizjes meispylje litten mei in ferbjusterjende apoteoaze. Corry Boelens hat dizze roman kundich út it Dútsk wei oerset.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark & Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?