As je âlder as 35 binne, dan binne je foar Strawelte. As je ûnder de 35 binne, dan binne je foar de Hûnekop. Sa simpel ist. Mar wat no as je beide eins stiekem hielendal te gek fine… No, dan komme der in pear moaie moannen oan! De mannen spylje dit jier nammentlik trije kear mei syn allen op ien poadium. Trije kear en net faker. Dat moat wol in feest wurde, rûchhouwers en willepunkers op ‘e Veenhoop (22 juli), yn Droegeham (7 septimber) en op it Hûnekopfestival (12 oktober).
Hoe siet it ek alwer? Strawelte wie toch stoppe? ‘Ja, dat wiene we ek’, seit Foppe, ‘Strawelte soe noait mear spylje nei de reuny fan 2008’. Mar? ‘Mar ik ha Strawelte noch nooit live sjoen, en dêr baalde ik fan,’ falt Emiel fan de Hûnekop yn. En dus folge der in lange perioade fan seuren en lûken. Foppe: ‘tsja, at sa’n snotjongen dan úteinlik tsjin je seit dat je it net mear oandoarre om op it poadium te stean, tsja… wat moatte je dan?’ Mar foar Strawelte wie it dúdlik, nea mear op it poadium. Net allinich yn elk gefal. En wat krije je dan? Jawis, in gearwurking, wêrby de bands tagelyk op it poadium steane. En dus waarden de earste plannen makke: de Hûnekop en Strawelte tegearre op it poadium. Net in haadprogramma en in foarprogramma, nee gewoan mei syn allen yn de ‘Gospy-Dixel en Punck’ (of sa).
Bysûnder wurdt it: twa en in heal oere lang spylje de beide bands nije nûmers, eigen nûmers, mekoars nûmers en tegearre nûmers. En dan sjogge we wol oft we nei ‘Oardel Krat Bier’ fan Strawelte of ‘Oardel liter Beerenburg’ fan De Hûnekop nog oerein steanne en oft Henkie Nobach of Jappie Komando de measte kondysje hat.
Strawelte stoppe fiif jier lyn nei in moaie reunie, mar lûkt noch trije kear de gitaar út de wilgen om de jonkjes fan de Hûnekop sjen te litten hoe’t je muzyk meitsje. En de mannen fan ‘e Hûnekop ha de gitaren al yn de oanslach om dy lju fan Strawelte alle hoeken fan it poadium sjen te litten. Al mei al wurdt it hiel bysûnder, sa tinke we. Ast der by wêze wolst, en dat wolst, dan kinst de kaarten keapje fia de veenhoopfestival.nl, chdrogeham.nl en hunekop.nl. En mear ynformaasje ek fia strawelte.nl.