Skoalle mei de Bibel De Griffel te Ljussens is sûnt 24 juny net allinnich in trijetalige, mar ek in sawat griene skoalle. Mei de 29 sinnekollektoaren hat it bestjoer in slach slein. It is de bedoeling dat 85 % fan it elektrisiteitsferbrûk hjirmei dutsen wurdt. It is in djipteynfestearring mei it sicht op de takomst. Dêr hat it bestjoer alle fertrouwen yn, al hat it lânsbestjoer oanjûn dat dit in punt is wat yn de regio sels bepaald wurde moat, benammen as it giet om de takinning fan de lytseskoalletaslach.
Sawat in jier lyn trijetalich, no grien. In skoalle dy ’t oanjout dat kultuerele ferantwurdelikens, trijetalich te wêzen, fierder giet. De griene slach is no makke: de bern wize op de noed en soarch dy ’t der is om de Skepping dy ‘y ús jûn is, te bewarjen en te ûnderhâlden.