Ingezonden: De FNP hat freed 2 oktober in wurkbesite brocht oan De Wâldsang yn Bûtenpost  · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Ingezonden: De FNP hat freed 2 oktober in wurkbesite brocht oan De Wâldsang yn Bûtenpost 

dinsdag 06 oktober 2020

BÛTENPOST – De FNP hat freed 2 oktober in wurkbesite brocht oan de Wâldsang yn Bûtenpost. Anne IJtsma, Andries Renema, Teije Dijk en Gezina van der Zwaag fan De Wâldsang ûntfongen de FNP ers tige hertlik.

De FNP kaam mei reden nei Bûtenpost. De kultuerele earmoed en totaal gebrek oan fisy fan CDA, Christen Unie en Gemeente Belangen Achtkarspelen hat wer ris bliken dien.

Yn de foarriedige begrutting wurdt ûnder oare kultuersintrum De Wâldsang dy’t al 50 jier in begryp is yn de hiele regio radikaal de nekke omdraait.

De hear Dijk lei de FNP út, dat it nijs fan de foarnommen besunigings troch it kolleezje fan CDA, Christen Unie en Gemeente Belangen Achtkarspelen ekstreem hurd oankaam binne by alle belutsen minsken fan De Wâldsang.

It foel sa rau op it dak, te mear om’t der fan te foaren nea gjin oerlis as kommunikaasje fan de gemeente mei De Wâldsang west is.

Gezina van der Zwaag song in prachtich Frysk lied foar de oanwêzigen om har gefoel foar de Wâldsang te uterjen. De oanwêzigen wiene sichtber rekke, sa moai en wat in suvere stem. Ynkoarten op ús webside te belústerjen.

It kolleezje fan CDA, Christen Unie en Gemeente Belangen Achtkarspelen wol folslein ophâlde mei alle ûnderdielen fan it muzykûnderwiis.

In pear fan de gefolgen:

  • 1300 skoalbern krije gjin muzykles mear
  • Talent giet ferlern
  • De stimulearjende funksje by de ûntwikkeling fan bern giet ferlern
  • Prizen fleane omheech. allinnich bern fan âlders mei hege ynkommens kinne noch meidwaan
  • In grutte klap foar ús muzykkorpsen, dy’t gjin nije oanwaaks krije.
  • In kultureel earmoedige gemeente

Ynhâldelik binne de FNP en De wâldsang it hielendal mei-inoar iens. HANNEN OF FAN DE WÂLDSANG.
Sa hat de FNP der yn it ferline yn stien en hjoed de dei noch. As hoeders fan ús kultuer, fynt de FNP dit FERSKRIKLIK EN BESKAMSUM.

Al jierren wurdt der troch dit kolleezje slompen jild fuortsmiten. In pear foarbylden:

  • De iene nei de oare djoere manager wurd ynhierd foar € 100.000 + leanen per persoan per jier.
  • De djoere ûndersyksburo’s rinne de doarren plat. Safolle minsken yn hûs en dan noch altyd ynhiere.
  • By dit kolleezje wurd wangedrach beleane, as je as direkteur ûntslach krije om’t je in relaasje begjinne op de wurkflier dan krije derfoar as tank € 65.000 mei. As it aanst noch mâler giet komt dêr noch € 380.000 by.

Al dy fergrimerij moat betelle wurde. En dan soene je sizze as je noch in greintsje etysk besef hawwe, wy kinne op de gemeente as op ússels besúnigje. Mar dizze fraach wurdt net troch dit kolleezje steld. De dikdakkerij op de burelen moat foaral trochgean.

Nee… tocht dit kolleezje, litte wy de komplete sosjale en kultuerele ôfbraak fan Achtkarspelen mar útfiere.
Net allinnich De Wâldsang krijt klappen, nee, de kille rekkenmeesters giene folle fierder: ûnder oare

  • Gjin jild mear foar Sosjaal Kultureel wurk
  • Gjin jild mear foar ús doarpsbelangen
  • Gjin TOP regeling mear. (Minsken mei in minimum ynkommen krije by dizze regeling in bydrage wêrtroch se meidwaan kinne op sosjaal-kultureel, Sportyf as edukatyf mêd)

Kultuer, mienskip en muzyk is gefoel, is ynleve, is meileve, is net altyd te omskriuwen, kin je siel reitsje, is emoasje. Is ús basis fan bestean. It kolleezje fan CDA, Christen Unie en Gemeente Belangen Achtkarspelen hat har wiere aard sjen litten en it docht bliken dat saken as gefoel, ynleve, meileve en emoasje harren frjemd binne.

SKANDALICH, WY LITTE IT DER NET BY SITTE.
De FNP sil fjochtsje foar De Wâldsang

Nammens de FNP fraksje Achtkarspelen,
Tjibbe Brinkman
FNP Achtkarspelen

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?