HARKEMA – Riedslid IJde van Kammen fan Harkema nimt it stokje oer fan hjoeddeistich fraksjefoarsitter Sake van der Meer fan Koatstertille. Van der Meer is fanôf 2010 riedslid en sûnt 2018 fraksjefoarsitter fan de FNP Achtkarspelen.
“It wurdt tiid om it in bytsje rêstiger oan te dwaan ; it fraksjefoarsitterskip kostet in soad tiid en drokte”. Van der Meer is al mear dan 60 jier bestjoerlik en as frijwilliger aktyf foar de mienskip.
IJde van Kammen is berne op 28 septimber 1956 yn Ie (doe noch Dongeradiel) en wennet no mei syn frou op de Harkema. Hy is heit fan twa dochters en in soan en ek al grutske pake. Hy wie altyd ûndernimmer yn de bousektor, dit is syn twadde termyn as riedslid. Hjirfoar hat er yn ferskate bestjoeren warber west. “Folksfertsjintwurdiger wêze betsjut foar my te besykjen wat foar de mienskip te betsjutten, en dêr wêr mooglik it ferskil te meitsjen.”
“Fol goede moed geane wy rjochting de riedsferkiezingen en bliuwe wy ús fol fjoer ynsetten foar ús gemeente.
Van der Meer bliuwt wol aktyf as riedslid : “Ik fyn de gemeentlike polityk machtich moai.”
Fotobijschrift: links IJde van Kammen en rechts Sake van der Meer.