Toanielferiening de Bûnte Houn út Westergeast is drok oan it repetearjen mei it stik “Tink om ‘e buorlju”, dit foar de útfiering fan 2020, op 3 en 4 april yn Westergeast en 11 april yn Wâlterswâld.
De Bûnte Houn is in lytse feriening mei in beheind oantal spilers. Mar elke keer slagget it har om in prachtich stik del te setten. Ek dit seizoen sille hja wer besykje om it publyk oan it laitsjen te krijen.
Tink om ‘e buorlju!” is in fleurich stik yn 3 bedriuwen. It ferhaal spilet yn it hûs fan dokter Pil. Dizze dokter hat fanwege syn jubileum fan syn pasjinten in fakânsje nei Kanada oanbean krigen. Syn buorman, Jan fan Dalen dy ‘t boekhâlder is, hie fansels it behear oer it jubileum fûns. No wie der net safolle jild binnen kommen as hy begrutte hie, ja hy hie eins wol in behoarlik tekoart. Hjir moast fansels wol wat op betocht wurde om dat tekoart oan te foljen. Hy betinkt dan ek in plan mar of dat wol sa’n goed plan wie!