LJOUWERT – Op 16 septimber namen Provinsjale Steanten, ûnder de gearkomste, ôfskied fan Corlienke de Jong (FNP). Fanwege oare wurksumheden set se har Steatelidmaatskap net langer fuort. Rein van der Wal nimt har plak yn.
Corlienke de Jong (1966) út Jutryp wie hast seis jier fraksjefoarsitter fan de FNP. No ‘t har baan as dosint Maatskippijleer en Skiednis op it Friesland College net mear te kombinearjen is mei it Steatelidmaatskip, jout se har sit werom oan de fraksje. Sijbe Knol nimt de funksje fan fraksjefoarsitter oer.
Rein van der Wal (1958) út Surhústerfean is de earste opfolger en nimt dermei it stokje oer fan De Jong. Woansdeitemoarn is hy beëdige as Steatelid ûnder de Provinsjale Steategearkomste. Van der Wal is gjin ûnbekende yn de polityk. Sa is hy al fjouwer jier kommisjelid foar de FNP en is hy njoggentjin jier riedslid west yn de gemeente Achtkarspelen. Dêrneist sit Van der Wal yn de PR kommisje en yn de skaduwfraksje fan de FNP yn Achtkarspelen.