TWIZEL – Anno N. is ûntsnapt út de finzenis! Hy is as lyts jonkje bot pest en wol wraak nimme op alle skoalbern. Yn in escaperoom wurkje de learlingen fan CBS De Oanrin trije dagen lang gear tsjin pesten. Anno N. hat nammentlik ús digiboerd hackt!
Troch it oplossen fan puzels moatte de learlingen hieltyd it goeie koadewurd fine en ynfiere. Op de tredde dei sil der sels de direkteur opslute! Allinnich troch in goede gearwurking kinne we Anno N. tsjinhâlde en werom nei de finzenis stjoere. De escaperoom is makke yn opdracht fan Taalplan 2030 en geskikt foar groep 1 oant en mei 8. Elkenien kin dus meidwaan!