BUITENPOST – Tongersdei hat boargemaster Oebele Brouwer gedichten útrikt oan twa ynwenners fan Achtkarspelen. De gedichten binne fan de eigen doarpsdichter Arjan Hut. ‘Dêr binne wy tige grutsk op, fanwege it stimulearjen fan it kulturele en literêre libben yn ús gemeente’, neffens Brouwer. ‘It helpt by it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal. Omdat it 28 jannewaris Gedichtedei is, is der no oandacht foar Arjan en syn Fryske gedichten.’
De doarpsdichter skreau spesjaal twa gedichten. Ien gedicht foar de frijwilligers fan de brânwacht dy’t in lintsje krigen hawwe, it oare foar de ynwenners dy’t ferline jier dekorearre binne. Groepskommandant Ytsen de Vries fan de frijwillige brânwacht út Droegeham en Jannie Jouwstra-Bos út Twizelerheide wienen tige ynnommen mei it gedicht en de blommen dy’t se krigen. Alle ynwenners dy’t ferline jier in keninklike ûnderskieding krigen hawwe, krije it spesjale gedicht fan Arjan Hut. De perioade dat Arjan Hut doarpsdichter is wurdt yn ferbân mei corona mei in jier ferlinge.
Op ‘e foto f.l.n.r. doarpsdichter Arjan Hut, Jannie Jouwstra-Bos, Ytsen de Vries en boargemaster Oebele Brouwer.