DOKKUM – Op woensdag 4 mei sprak burgemeester Johannes Kramer van de gemeente Noardeast-Fryslân tijdens de 4 mei herdenking in Dokkum. In de Grote Kerk in Dokkum was na afloop van de stille tocht en de kransleggingen een bijeenkomst met muziek en toespraken.
De dodenherdenking begon in de Bonifatiuskapel met muziek en het voorlezen van enkele gedichten door kinderen van de Burgerschool uit Dokkum. Daarna vertrok de stille tocht lopend naar de oorlogsmonumenten bij de Woudweg en de Noorderdwinger in Dokkum.
Op en nij is it oarloch yn Europa. In oarloch mei tsientûzenden deaden. En mei in protte leijen foar ûnskuldigen, yn Oekraïne mar ek yn Ruslân. Dat is de ferbjusterjende realiteit der’t wy hjoed op dizze 4e maaie yn it jier 2022 midden yn sitte. Men soe dy realiteit ûntkenne wolle. Om mar gau oer yts oars te begjinnen. En fuort te sjen. En sizze: it boeit my net. Mar dan komme my de wurden fan de ferneamde mar net sa hiel fername revolúsjonêr Leon Trotsky yn it sin: “Jij kan wel niet geïnteresseerd zijn in oorlog, de oorlog is wel geïnteresseerd in jou. ”Syn wurden jouwe hiel treffend oan dat foar de measte minsken, de gewoane minsken oarloch net yts is dêr’t je foar kieze kinne. Want de Oekraïners hawwe gjin keuze. Dêr giet it om de takomst fan harren lân en harren bern. In lân dat krekt as wy hjir nei 1945 frij, feilich en demokratysk wêze wol. In lân dat syn eigen takomst kieze wol. Gelokkich binne tal fan Oekraïners hjir gastfrij opfongen. Yn Dokkum en yn de rest fan de gemeente. As boargemaster bin ik wiis mei de ynset dy’t hjirby dien is, troch safolle minsken, yn ús gemeentlike organisaasje mar ek dêrbûten. Hertferwaarmjend. Mar inkeld marminsken opfange en in feilich plak jaan is net genôch. Wy kin no net oan de kant stean bliuwe en ús sels neutraal ferklearje. Yn ús eigen skiednis hawwe wy foarbylden genôch dy’t net sa fier ôfsitte fan wat de Oekrainers no trochmeitsje moatte.
Toen de razernij van de soldaten was ingedamd, gingen ze van moorden over op plunderen. Toen er niets meer in de stad was dat zij konden plunderen, gooiden zij fakkels in de stad. Ik huiver nog bij de herinnering aan alles wat ik deels zelf gezien heb. O, wat een vreselijk geweld.’ Dat wiene de wurden van Hendrik van Bra, dy’t tsjûge wie fan de Waalse fury yn Dokkum yn 1572. Dit jier is it 450 jier lyn dat stêden as Alkmaar, Haarlem en ek Dokkum harren by de Opstand en Willem van Oranje oansluten. Want ek doe gie it om frijheid en rjochtfeardigens. De ynwenners fan dizze stêd en syn omkriten woene frij wêze en kies sels harren eigen takomst, los fan it Spanje fan Filips de Twadde. Net frjemd dat presidint Zelensky yn syn taspraak yn de Twadde Keamer krekt hjir op weromkaam. De wettergeuzen fan it Amelân ûnder lieding fan Schelte van Sipkema namen Dokkum yn. Mar 3 dagen letter stiene de Waalse troepen fan Caspar di Robles foar de poarten en baarnden dizze stêd ta de grûn omt ôf. Hûnderten deaden foelen. Dokkum moat der útsjoen hawwe lyk as Mariupol no. Ferskate slachtoffers moatte hjir net sa hiel fier by wêr’t no ús
skuon binne wei begroeven lizze. It boadskip fan de Waalse fury wie dúdlik: weagje it net om yn ferset te kommen tsjin de Spaanske oerhearsking. Weagje it net om op te kommen foar rjocht en frijheid. Weagje it net om jim eigen takomst te kiezen.
En yn jannewaris 1945 wie it SS obersturmführer Wilhelm Artur Albrecht dy‘t wraak nimme woe op Dokkum omt it ferset in finzen nommen apotheker befrijd hie. Hy woe earst Dokkum wer en op en nij platbaarne, lykas yn 1572. Mar om de befolking ôf te skrikken moasten 20 ûnskuldigen fermoardde wurde. De besetter en syn feinten, wêrby’t ek wer in protte Walen sieten, Frânsktalige Belgyske Nazi’s dy’t de terreur, de eangst en it fertriet op Dokkum
delkomme lieten. En de stoflike omskotten fan de fussijearden moasten ferplicht 24 oeren yn de snie lizzen bliuwe. Op en nij wie it boadskip dúdlik: weagje it net om yn ferset te kommen tsjin de Dútske oerhearsking. Weagje it net om op te kommen foar rjocht en frijheid. Weagje it net om jim eigen takomst te kiezen.
En sa stean we, nei benei 77 jier frede, rjocht en frijheid, by it konflikt yn Oekraïne. In konflikt dat ús net kâld litte moat en mei. In konflikt dêr’t wy, hoe dan ek, in ûnderdiel fan binne. En jawis, je kin der foar kieze om dat konflikt net te sjen. Om it te negearen. Te tinken dat it allegear wol tafâlt of yn szêne setten is. Of dat it ús net rekket omt it ús konflikt net is en wy der neat mei fan dwaan hawwe. Mar dat kin dochs net sa wêze? Dat wat der yn de Oekraïne bart ús mar kâld lit? Want wat betsjut dan 77 jier lang elts jier 2 minuten stilte op 4 maaie as wy mei de hannen yn de bûse sjogge hoe’t in lân en syn bewenners systematysk ferneatige wurdt? Wat betsjutte dan al dy betinkingen, taspraken en blomstikken as wy neat dogge mei it fûnementele boadskip fan dizze betinkingen? Wat betsjut it as wy twa heech bejaarde Kanadeeske feteranen hjir as helden ûntfange en nochris omstannich bedanke foar harren ynset foar ús frede en ús feiligens, as wy dêrnei nei Oekraïne sjogge en ús skouders ophelje? Wy sil ús eigen skiednis ûnder eagen komme moatte en trochfertale nei hjoed den dei. Wy moatte ek no opkomme foar rjocht en frijheid. En dat dogge wy net troch oan de kant stean te bliuwen.
Want as wy net handelje nei wat us eigen skiednis us leart hat. As wy ús ôfskrikke litte troch geweld, dan hawwe wy it net begrepen. Want dat is de ûnderdrukker wol. Dat wy omwille fan de frede, dan mar de ûnfeiligens en it ûnrjocht akseptearje. Mar dat is de frede fan de ûnderdrukker, fan Filips de Twadde, Adolf Hitler en Vladimir Putin, dat is de frede fan de diktator. Mar in frede sûnder feiligens, in frede sûnder rjocht is gjin frede. Of, sa as it trochklinkt yn de Amerikaanske boargerjochtenbeweging: No justice, no peace. It wie teloarstellend mar ek tekenjend dat de measte leden fan de Twadde Keamer gjin inkeld benul hiene wêr’t Zelensky it oer hie doe’t hy ferwiisde nei it jier 1572. Wy hawwe ús de ôfrûne tritich jier yn ‘e sûs bringe litten, mei fredes dividenden en lukrative gaskontrakten. Wy hawwe ús ôfhinklik makke. En dan liket it of dat wy ús demokrasy en ús wize fan libjen net troch ieuwen wrakseljen, wrotten en striiden krigen ha, mar dat dat in elts fansels takommend rjocht is. En dat it mar fansels is dat wy hjir demokrasy en frijheid en frede hawwe, in frije parse, frijheid fan mieningsutering en ûnôfhinklike rjochters. En dat soks like gewoan is as dat it hjir altyd waait en sa no en dan de sinne skynt. Dat 15 septimber 1572 en 20 jannewaris 1945 al te lang lyn binne en dat noait wer werom komme sil. Dat frede wichtiger is as frijheid en rjocht. En dat twa minuten stil wêze inkeld mar betsjut twa minuten stil wêze. Mar sa kinne wy net. Yn de wurden fan de ferline jier ferstoarne biskop Tutu: As jo neutraal binne yn sitewaasjes fan ûnderdrukking, dan hawwe jo de kant fan de ûnderdrukker keazen. De essinsje fan 2 minuten stilte op 4 maaie is neitinke oer wat der bart is, ús realisearje wat dat foar de takomst betsjut en dan dêr ek neffens hannelje. Dat wy ús net ôfskrikke litte troch Di Robles, Albrecht of Putin, mar krekt dêrtroch noch mear bered binne om dat te dwaan wat goed is, om de mei minske te helpen en mei inoar te striidzjen foar frede, frijheid en rjocht. En dat is gjin keuze, dat is ús plicht.