Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
  Koos Scherjon

Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld

dinsdag 05 mei 2020

Bij het monument aan de Hoofdweg in Damwâld zijn maandag aan het eind van de middag een aantal kransen geplaatst. Een bijzondere en zeer korte plechtigheid. Door Ria de Ruiter werd bij het monument ‘The Last Post’ gespeeld, gevold door twee minuten stilte en daarna klonk het Wilhelmus.

Burgemeester Klaas Agricola plaatste samen met zijn vrouw een krans namens het gemeentebestuur van Dantumadiel en Johannes Haakma en vrouw plaatsten een krans namens de bevolking.

 


Taspraak boargemaster Agricola van Dantumadiel: Ferhalen om noait wer te ferjitten…

“Kom vanavond met verhalen Hoe de oorlog is verdwenen En herhaal ze honderd malen Alle malen zal ik wenen.” Dizze prachtige rigels út it gedicht ‘Vrede’ fan Leo Vroman jouwe hiel sekuer de emoasjes wer, dy’t ús reitsje as wy inoar ferhalen fertelle. Spannende ferhalen, nijsgjirrige ferhalen…. ferhalen oer de oarloch. Dit jier is it 75 jier lyn dat wy befrijd binne. Dat is benei in minskelibben lyn! En alle jierren om dizze tiid hinne, fertelle wy inoar wer de ferhalen fan hoe’t it yn de oarloch wie… Ferhalen oer de ferskrikkings, mar ék ferhalen oer leafde en moed. Yn 1945 namen wy ús foar dat der noait wer oarloch komme soe yn Europa.

Mar yn de 90er jierren barde dat dóchs wer. In wrede oarloch, dy yn it eardere Joegoslavië. En wy hawwe hjoed-de-dei yn Europa te krijen mei de gefolgen fan oarlogen dy’t fierderop yn de wrâld útfochten wurde… de grutte stream flechtlingen, dy’t yn Europa op in feilich plakje hoopje. Yn in protte lânnen ferhurdet it politike en maatskiplike klimaat. De ferskillen tusken minsken wurde útfergrutte en befolkingsgroepen wurde tsjin elkoar útspile. Rasisme en de haat foar Joadse minsken nimt wer ta. Minsken mei in oare aard of religy fiele harren minder frij. At wy minder tolerant wurde, dan bringt ús dat fierder ôf fan álles, dêr’t de minsken – dy’t wy 2 hjoed betinke – harren libben foar weage hawwe.

Us Prinses Mabel fertelt yn har ferhaal – dat se skreaun foar it Nationaal Comité 4 en 5 maaie – oer har freondinne Jo Cox. Sy wie lid fan it Ingelske Lagerhuis en mem fan 2 jonge bern. In fûle foarfjochter fan minskerjochten en in aktiviste tsjin diskriminaasje. Dat kostte har yn juny 2016 har libben, doe’t se om har idealen fermoarde waard. Jim kinne jimme dat nijs miskien noch wol herinnerje. At jo soks as neisten meimeitsje, dan binne gefoelens fan wraak en haat hiel minsklik. Mar de famylje en freonen fan Jo Cox wiene der fêst fan oertsjûge dat dizze politike moard net oansette mocht ta nóch mear haat en geweld. Dêrom diene hja it oars: hja rôpen op ta in freedsume betinkst om sa har idealen winne te litten. Dit ferhaal lit sjen dat al dy dingen, dêr’t wy foar fochten hawwe, fragyl binne.

Se freegje alle dagen wer om ûnderhâld. Fan ús as mienskip en ek fan ús as yndividu. Dêrom is it wichtich om – ek nei 75 jier – ús eigen frijheid alle jierren wer op ‘e nij te fieren. Ek yn Dantumadiel. Op dit stuit binne wy ‘yn oarloch’ mei it Korona-firus. Wy wurde – krekt as yn de oarloch – tige beheind yn ús dwaan en litten. Wy sitte yn noed oer ús sûnens, ús familje en neisten, oer de minsken yn de soarch, oer hoe’t it beteare sil mei ús baan of mei ús bedriuw. Ek yn dizze tiid heare we allegear ferhalen. Tryste ferhalen, moedige ferhalen en moaie ferhalen. No’t wy ús minder frij fiele, is it júst wichtich om ús frijheid te fieren en te betinken hoe’t wy ek yn de takomst – hjir yn Dantumadiel – yn frijheid en frede mei inoar libje kinne. Ik winskje jim allegear alle frede en sûnens ta!

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
Burgemeester Agricola legt krans bij monument Damwâld · Foto('s): Koos Scherjon
  Koos Scherjon

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?