KOLLUMERSWEACH – By Thuishuis de Bernebeam yn Kollumersweach binne de bern de leste wiken foar de fakânsje dwaande mei it tema ferkear/hulpdiensten.
De plysje wie ferline wike al op besite west, mar tongersdei kaam de Brânwacht fan de Westereen ek by harren op besite. De bern mochten alles besjen en freegje. Sy mochten de helmen op en yn de auto sitte.
De brânwachtmannen hienen op in pear piontsjes wat blokjes hout setten die de bern der mei wat help ôfspuitsje mochten! It wie geweldich om dit te sjen en kennis te meitsjen mei de helptsjinsten.
De bern, mar ek de liedsters hawwe in hoop leard.
Brânwacht de Westereen wurdt tige betanke!