Op freedtejûn 15 novimber presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Astrid Lindgren’s klassike berneboek ‘De bruorren Liuwehert’. It tiidleaze fantasyferhaal fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster, no yn in nagelnije Fryske oersetting fan Rymke Zijlstra en mei bysûndere yllustraasjes fan Kim Hunnersen.
De presintaasje fynt plak yn de Skierstins te Feanwâlden, mei in gastoptreden fan skriuwer Willem Schoorstra, dy’t yn it Frysk foardrage sil út de Aldnoarske ‘Edda’. Fantasyrike muzyk wurdt fersoarge troch de band Kapriol’! Fierder is de hiele Skierstins spesjaal foar dizze gelegenheid iepen foar besichtiging.
De doarren gean iepen om 19.45 oere, it programma set om 20.00 oere útein. De tagong is fergees, mar we freegje jo wol om jo yn it foar oan te melden fia ynfo@regaad.nl û.f.f “oanmelding Liuwehert”.
Barren: boekpresintaasje ‘De bruorren Liuwehert’
Organisator: Utjouwerij Regaad (www.regaad.nl, ynfo@regaad.nl, 06-25427548)
Datum: freed 15 novimber 2019
Tiid 20:00-22:30 (ynrin: 19:45)
Plak: De Skierstins, Haadstrjitte 1 te Feanwâlden
Tagong: fergees (opjefte ferplichte, fóar 12 novimber)