Bernedeiferbliuw ‘De Luchtballon’ op ‘e nij sertifisearre · Foto('s): 

Bernedeiferbliuw ‘De Luchtballon’ op ‘e nij sertifisearre

dinsdag 06 oktober 2015

Bernedeiferbliuw De Luchtballon yn Feanwâlden wurket sûnt 2006 mei in twatalich belied. Sy hawwe dêr al yn 2008 it sertifikaat foar behelle. Om ‘e trije jier wurde sertifisearre lokaasjes op ‘e nij fisitearre om te sjen oft sy noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurkje en de twatalig ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Yn Feanwâlden hawwe sy dat no wer bewiisd en sy hawwe it sertifikaat foar trije jier ferlinge krigen.

De Luchballon is in twatalich bernedeiferbliuw fan Sisa Kinderopvang. Alle liedsters prate konsekwint ien fêste taal tsjin alle bern, âlden en kollega’s. Dat hâldt yn dat guon liedsters konsekwint Frysk prate en de oare krekt Nederlânsk. Fierder is der ek in soad omtinken foar de beide talen by aktiviteiten as sjongen en foarlêzen. Sy wurkje ek mei hânpoppen: Tomke praat Frysk mei de bern en Haas praat Nederlânsk. Troch de talen op dizze dúdlike wize fan elkoar te skieden krije jonge bern de kâns om de talen goed oan te learen en twatalich te wurden.

Fan’t maitiid hat der in saneamde fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang op it bernedeiferbliuw west. Sy hawwe besjoen oft der op De Luchtballon noch altyd wurke wurdt neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied.

De kommisje hat konkludearre dat dat sa is en skriuwt yn har ferslach it folgjende: “Bynammen yn ‘e tafelrûnte litte de liedsters harren betûftens sjen. Op linige wize geane se yn op de observaasjes fan ‘e bern. Foaral de âldste mantsjes sjogge fan alles. De jongere bern nimme it allegearre mei en wurde belutsen by de ûnderwerpen. Sels ien fan de jongsten kraait mei by it ferhaaltsje fan Romke en Tomke. De bern wurde ek stimulearre by it beneamen fan de wurden op de praatplaat. By it ferske sjongen krije de jongsten oanmoediging.”

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?