Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen

zondag 02 juli 2023

KOLLUMERSWEACH – Thuishuis de Bernebeam yn Kollumersweach hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. Sy wurkje mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken krije yn it deistige program. Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik.

Thuishuis de Bernebeam is in lytsskalige berne-opfang en bûtenskoalske opfang dy ’t opfang biedt oan bern fan 0 oant 12 jier. Se biede opfang fan moandei oant freed fan 6.30 oant 18.00 oere. Alle dagen bûten boartsje en ûntdekke is de fyzje fan Thuishuis de Bernebeam. De romme en griene tún dy ’t oanwêzich is by it Thuishuis de Bernebeam wurdt optimaal brûkt troch de bern. Se kinne der boartsje mar ek helpe yn de grientetún. De húslike sfear kenmerket thuishuis de Bernebeam. Mar ek de hûn Sonic is geregeld oanwêzich sadat bern ek leare om op in respektfolle wize mei bisten om te gean.

Twatalich wurkjen
Op Thuishuis de Bernebeam wurkje ferskate pm’ers. Mei elk is de ôfspraak makke dat se ien taal konsekwint oanbiede sille. Frysk of Nederlânsk. Mei stazjêren is deselde ôfspraak makke, sy biede konsekwint harren eigen memmetaal. Foar beide talen is der bewust en rom oandacht binnen it tematysk aktiviteiten oanbod.

Fisitaasjekommisje
Der hat yn febrewaris fan dit jier in fisitaasjekommisje west by Thuishuis de Bernebeam. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling.

De kommisje skriuwt ûnder oaren yn har rapport oer thuishuis de Bernebeam:
‘De pm’ers binne serieus, bewust en mei nocht dwaande mei it taalbelied. De natuer spilet in grutte rol. Troch de ferbou fan griente en krûden leare de bern wêr ‘t it iten wei komt en wat je fan griente/krûden meitsje kinne. Sa hawwe de bern ek toarnbeiensjem makke. Troch pup Sonak krije de bern wat bisteleafde en omtinken nei bisten ta mei. In moaie ferriking en oanfolling op it stimulearren fan de ûntwikkeling fan bern. Op boartlike wize binne de pm’ers dwaande mei it oanbringen fan regels en struktuer. Sa as by it fruititen. Earst in pear slokjes drinken en dan in koekje. Al boartsjende wei bliuwt it net by in pear slokjes en hawwe alle bern ek de jongsten de beker leech.’

By it sertifisearringstrajekt kriget Thuishuis de Bernebeam begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 270 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Eigen foto's
Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Eigen foto's
Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Eigen foto's
Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Eigen foto's
Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Eigen foto's
Berne-opfang de bernebeam yn Kollumersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on Air!
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?