Locatie: | Buitenpost |
---|---|
Begin datum: | zondag 02 december 2018 00:00 |
It begûn mei in krystbuorrel tefolle en it einige yn ‘e sel. Is der in treuriger kryst tinkber? Sânman & Sikke besykje yn de tsjustere dagen foar de kryst lykwols de fleur deryn te hâlden mei harmonieuze sang (gjin dûns) en wurde dêrby hantlange troch in nuveraardich figuer dat de frjemdste ferhalen opdjippet út de tiden fan foarby. Is it in sjarlatan of in tiidreizger? Of in dûmny, wa sil it sizze?
De mannen fan Sânman & Sikke besette troch harren gearstalling en muzykkar in unyk plak yn de Fryske muzykwrâld. Hja hâlde har bynammen dwaande mei de lichte muzyk, mar binne ek net benaud foar wat klassike eleminten. Freark Smink is ferneamd troch al dy rollen dy’t hy by Tryater spile, as Sybe Satellyt by de skoaltelevyzje en resinter fansels troch syn prachtige rollen foar Pier 21 yn “De Emigrant” en “Feteranen”.
Sneintemiddei 2 desimber 2018
Oanfang 15.30 oere
Riedseal gemeentehûs Bûtenpost
Foarferkeap: 12,00 Dropshop Liquerice Bûtenpost
Oan de seal: 13,50