4 mei-gedicht van streekdichter Pieter van der Zwaag

do. 4 mei · 08:002023 · 08:00 · RTV NOF

4 mei-gedicht streekdichter Pieter van der Zwaag Noardeast-Fryslân

RTV NOF (archieffoto)

De safolste generaasje

Ús heit wie in stillen ien
Opsluten yn himsels mei syn oantinkens
As hy wat sei, wie it somtiden:
It komt altyd oars út as datsto tinkst
en: moatst dy nea mei polityk bemuoie.

De stilte hong as in wolk
oer pleats en mem en bern

Geandewei waard my dúdlik
wêr’t it swijen weikaam

Twongen troch need hiene hy en syn heit,
myn pake dy’t ik nea kend ha,
keazen foar in partij,
wêrfan nei ’45 bliken die,
dat it in foute partij wie.

Ús heit kaam der ôf mei in lichte straf,
mar syn libben lang hat hy him bedondere field
yn machtleas ferset tsjin de ‘hege hearen’.

It swijen hat him trochjûn yn ‘e bern

En bernsbern?

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.